Top wykein foar Gjalt de Groot!

Net in partij misse, alle wykeinen fuort te keatsen, faaks krekt net, ien tredde priis oant no ta, mar dit wykein wie it rekke.

Snein yn Tirns de 1e priis en sneon de 2e priis yn Tytsjerk Sa sjogge we mar wer dat it trochsetten beleane wurdt Yn Tytsjerk wûn Gjalt sneon mei Hessel de Ree fan Reduzum by de KNKB pupillejonges de twadde priis. Hja ferlearen de finale fan Gerard de Vries Bitgum en Jeroen de Boer Spannum. Snein yn Tirns de krânse mei Lucas Postma fan Dronryp. Yn in spannende finale wiene hja mei 5-5 en 6-0 te sterk foar Jan Sijtsma Wommels en Thomas Werkhoven fan Frjentsjer Gjalt syn suster Amarins wie dit wykein ek suksesfol, hja wûn sneon mei Jeska Terpstra yn Dronryp de 1e priis by de pupillefamkes. In dei letter wûn Amarins yn Dongjum de 3e priis mei Eline Koree fan Dongjum By de skoalfamkes wûn Jennie Terpstra yn Marsum mei Sandra Hofstra fan Wjelsryp de twadde priis. It wykein dêrfoar behelle Jennie it maksimale resultaat, 2 earste prizen, yn Cornwerd yn de A klasse t.i.l. en yn Reduzum by de frije formaasje Ek Amarins behelle yn dat wykein twa prizen, de earste yn Ferwert en de twadde yn Peins Ilse Noorman wûn 12 augustus yn Ried mei de frije formaasje de earste priis. Dit die hja mei Anke Winkel en Bianca van der Veen. har nije frije formaasje partoer, Mei troch dizze oerwinning keatsten Ilse, Anke en Bianca har by it dielnimmersfjild fan de froulju’s PC yn Weidum

Geplaatst op 21 August 2012